Geschreven door Jeroen Visser op 04-05-2018
Dit verhaal komt van deze site: http://historisch.koudum.nl/index.php/familiealbums/familiealbums-v-tegels/durk-wabes-visser
Durk Andreas Visser, berne 25-09-1921 te Voorburg en stoarn Neuengamme 20-01-1943, soan fan Wabe Durks Visser en Hilly Maatjes. Durk wenne yn Voorburg by syn âlders en gie yn Rotterdam nei de HTS (hjitte doe MTS) en wie ek troch it bombardemint op Rotterdam fûl tsjin de Dútsers. Hij hie mei in 4-tal klasgenoaten in fersetsgroepke oprjuchte dy’t him dwaande hâlde mei “sabotaazje”. Dit ploegje is ferrieden, want op 28 maaie 1942 kaam de Dútske plysje by skoalle om de 4 jongemannen. De konsjerzje hie him fan de domme hâlde moatten, mar hy wie meigeand en sei wêr’t yn wat klasse de jonges sieten en doe koenen hja gjin kant mear út en waarden meinaam, earst nei it buro “Haagse Veer” en letter nei de finzenis yn Scheveningen . Heit Wabe, dy’t fan klasgenoaten heard hie fan de arrestaasje, koe him der ien kear wyks skjin guod bringe mar mocht him net besykje want Durk moast earst sizze wa‘t mear belutsen wienen by dit ferset . Dat hie er direkt nei syn oppakken al wegere mei de wurden: "Een goede Nederlander verraad zijn landgenoten niet" en dus koe Wabe sûnder syn soan sprutsen as sjoen hie wer fuort gean.. Durk is oerbrocht nei "kamp Amersfoort" dêr’t in misdiedich belied wie, hij moast bijgelyks yn te lytse klompen sân kroadsje fan it iene plak nei it oare, oan soks en noch helte slimmer hienen de kampebewekkers "aardichheid" oan. Op 5 desimber 1942 krigen Wabe en Hil berjocht fan Durk út Neuengamme, dizze brief wie al begjin novimber ferstjoerd .mar efter hâlden. Yn it brief frege Durk om waarme klean want hij hie allinne in tin simmerpakje oan. Dit wie foar it earst dat Wabe en Hil hearden dat er yn Neuengamme siet. Hja ha doe mei de hiele buert (elts joech wat) in grut pakket makke en dat ferstjoerd nei Neuengamme. Ein jannewaris komt der in plysje oan ‘e doar mei it boadskip dat Wabe Visser op it buro Binnenhôf komme moast. Wabe fertroude it net, mar in kunde fan harren gie der hinne mar krige gjin gehoar: Visser moast sels komme en der hearde er dat Durk op 20 jannewaris 1943 ferstoarn wie. Hij krige in smel strookje papier dêr’t op stie dat Durk Visser ferstoarn wie en dêr stie as gefolch fan in "natuerlike oarsaak nei hertstilstân" dat wie it altyd fansels. Underskrean troch in arts. Durk wie in sûne fint doe’t men him oppakte, dy’t ek tige oan sport die. Hja ha syn simmerpak weromkrige en de kont fan ‘e broek wie der hielendal útslein. Jierren letter, Wabe wie stoarn yn 1974 wei en Hil dy’t it ferstjerren fan har soan Durk nea geastlik ferwurkje kinnen hat wie wei en doe is it hûs opromme en hat men op ‘e souder yn in kiste noch gasgranaten fûn, dy”t stellich fan Durk west ha. Ynformaasje fan Hilly de Lange-Visser, suster fan Durk , optekene troch Jelle de Jong.